Atsma: nije listlûker kieze

25 apr 2012 - 16:10

Joop Atsma fan Surhústerfean wol dat it CDA de nije listlûker fan de partij yn in ferkiezing kiest. De steatssiktaris fan Ynfrastruktuer en Miljeu seit sels net listlûker fan de partij wurde te wollen. Wol tinkt Atsma dat der genôch gadingmakkers yn de partij binne. It partijbestjoer fan it CDA praat woansdeitejûn oer hoe't de nije listlûker der komme moat. Earder kaam it bestjoer mei in kandidaat dy't troch it kongres bekrêftige waard. As gadingmakkers wurde neamd ministers Spies en Van Bijsterveldt en fraksjefoarsitter Van Haersma Buma.

Trefwurden: 
CDA Joop Atsma listlûker
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)