RES út gearwurking Boalsert

25 apr 2012 - 16:05

Fuotbalklup RES lûkt him werom út de JVB, de Jeugd Voetbal Boalsert. Dat fynt de foarsitter fan JVB in ûnferstannich beslút. De JVB is in ferbân fan de trije fuotbalklups yn Boalsert, Bolswardia, CAB en RES. Se wurkje al goed in jier gear. RES wol der net langer byhearre. Dat is net goed foar it fuotbal yn de stêd. De JVB wol no sjen oft it gearwurkje kin mei de fuotbalferiening yn ien fan de omlizzende doarpen lykas VV Nijlân.

Op it sportkompleks yn Boalsert stean trije kluphuzen. CAB, Bolswardia en RES. CAB en Bolwardia wurkje al seis jier gear mei de a's en b's ûnder JVB. RES woe der ek by, mar stapt der no út. RES hat fan it begjin ôf oan sein dat se de eigen identiteit oerein hâlde wolle. RES tinkt dat der genôch spilers en takomstige spilers binne om de klup oerein te hâlden.

Trefwurden: 
Boalsert RES JVB
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)