Gemeenteried gunt swimbad De Westereen in trochstart

De gemeenteried fan Dantumadiel sil nije wike prate oer hoe't it fierder moat mei it fallite swimbad De Frosk op De Westereen. Dy tasizzing diene de riedsleden tongersdei op in jûn fan it aksjekomitee yn in grôtfolle kantine fan it fallite swimbad. De riedsleden krigen dêr mear as 2700 hantekens oanbean fan Westereenders dy't fine dat it oerkape swimbad iepenbliuwe moat.
It aksjekomitee frege de ried om derfoar te soargjen dat it swimbad yn alle gefallen oant july iepen bliuwe kin. Dan kinne sy ûndersykje oft in trochstart mooglik is.
De partijen Dantumadiel '82, Lagere Lasten Dantumadiel en PvdA seine ta dat se ek jild oer hawwe foar it langer iepen hâlden fan it fallite swimbad, mar kolleezjepartijen CDA, FNP en ChristenUnie woene sa fier net gean. "Ik doch no gjin tasizzingen dy't ik net wiermeitsje kin", sei CDA-fraksjefoarsitter Jan Jitse Visser. De riedsleden ferklearren ek dat se ûnder de yndruk binne fan de grutte stipe foar it swimbad en dat se serieus ûndersykje sille oft in trochstart mooglik is.
De jûn waard ek bywenne troch bestjoerder Pieter Bakker fan swimbûn KNZB. Hy wie ûnder de yndruk fan de grutte opkomst fan doarpsbewenners en riedsleden. It swimbûn advisearret it aksjekomitee en de pleatslike swimklup by it meitsjen fan plannen om it swimbad iepen te hâlden. Bakker neamt De Frosk in 'prima basisswimbad', dêr't alle swimsporten goed beoefene wurde kinne. Hy fynt dat de gemeente besykje moat om it bad te rêden, mar fynt de situaasje ek yngewikkeld omdat it bad fallyt is.
As de gemeente net gau yngrypt, giet it bad op freed 8 maaie definityf ticht. It aksjekomitee is benaud dat it bad net mear te rêden is as it safier komt.