Maaiefakânsje sûnder maitiidswaar soarget foar lege campings

28 apr 2016 - 22:30

De earste wike fan de maaiefakânsje is in flinke tsjinfaller foar de campings. It waar liket hielendal net op maitiid, mar mear op winter. Dochs binne der ek trochsetters, dy't mei de caravan of camper de bûtenloft opsykje. Op camping De Stjelp yn Aldegea (Smellingerlân) binne toch in oantal kampearders. It tal gasten leit leger as oare jierren, mar leech is de camping net.

Nije wike ferwachtet de camping boppedat mear gasten. Dan wurdt ek de nije glamourtinte yn gebrûk naam. In tinte mei alles derop en deroan, sels ferwaarming.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)