Gemeenten krije miljoenen ekstra foar yntegraasje

Gemeenten krije goed 500 miljoen euro ekstra foar de yntegraasje fan asylsikers mei in ferbliuwsfergunning. Dat stiet yn de oerienkomst dy't it kabinet sletten hat mei de Vereniging Nederlandse Gemeenten (VNG).
It jild is ûnder oare bedoeld om de statushâlders gauwer en earder de Nederlânske taal te learen. Dêrfoar is in bedrach fan 140 miljoen beskikber steld. Statushâlders meie tenei ek frijwilligerswurk dwaan om de yntegraasje te ferbetterjen. Yn it bedrach sit ek 16 miljoen om húsfêsting te regeljen foar it jaan fan fuortset ûnderwiis.
De earder ôfprate ferheging dy't gemeenten krije foar de maatskiplike begelieding fan asylsikers,wurdt no struktureel. Earder wie dy allinnich ornearre foar de jierren 2016 en 2017.