Boete foar Sven Kramer foar wyldpisjen by hurdfytswedstriid

28 apr 2016 - 20:14

Sven Kramer hat tongersdei in bekeuring krigen foar wyldpisjen. Dat meldt RTV Drenthe. De reedrider die mei oan de Keningsronde fan Beilen. Krekt foar de wedstriid waard er trappearre doe't er tsjin in beam stie te pisjen. Hy krige in boete fan de sjuery. Neffens de foarsitter hat dat te krijen mei noarmen en wearden yn de hurdfytserij.

It wie it earste kritearium dêr't Sven Kramer oan meidie nei it reedrydseizoen. No sneon stiet er wer oan de start. Dan rydt er de Zuidenveldtoer fan Dalen nei Nieuw Amsterdam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)