Eastermar komt mei iepenloftspul-'barren'

28 apr 2016 - 20:00

Eastermar kriget dit jier ek in iepenloftspul. Nei alle oare 'barrens', lykas Easterbarren, Beachbarren en Snertbarren komt der no ek in iepenloftspul. Dêryn krije minsken in byld fan wat him achter de skermen fan al dy barrens ôfspilet. De titel is dan ek 'It begjin der barrens'.

Neffens de organisaasje wurdt it in ferrassende foarstelling dêr't it publyk yn meinommen wurdt yn in reis troch trije tiidrekken fan Eastermar. It iepenloftspul wurdt opfierd fan 8 oant en mei 18 juny.

Trefwurden: 
Eastermar Iepenloftspul
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)