Rôffûgel yn Burdaard falt foarbygongers oan

28 apr 2016 - 17:35

Burdaard hat syn eigen terrormûzebiter. De gemeente Ferwerderadiel warskôget minsken foar it bist dat syn nêst hat oan de Stiennendaamsterdyk. De rôffûgel ferdigenet syn nêst en falt dêrom soms foarbygongers oan. It giet nei alle gedachten om deselde mûzebiter dy't ferline jier ek wol ris minsken oanfoel.

De gemeente jout it advys om wat op de holle te setten of in paraplu mei te nimmen. De gemeente hat ek warskôgingsbuorden delsetten. De oprop is wol om it bist gewurde te litten, want it giet om in beskerme fûgel.

Trefwurden: 
mûzebiter Burdaard
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)