Patrick Kluivert en Foppe de Haan traine flechtlingen

28 apr 2016 - 17:29

Ald-topfuotballer Patrick Kluivert hat tongersdeitemiddei mei trainer Foppe de Haan fan SC Hearrenfean in fuotbaltraining oan flechtlingen jûn op it fjild fan fuotbalferiening Drachten. Dat wie in idee fan Kluivert.

Oanlieding fan de middei is it skeel dat ferskate bewenners fan it asylsikerssintrum yn Drachten ôfrûne oktober mei-elkoar hiene. Kluivert woe de frede tusken de flechtlingen werombringe en krige yn Foppe de Haan in goede kompaan. Mear as hûndert asylsikers kamen op de training ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)