Kommoasje oer shirt Bas Dost

25 apr 2012 - 14:20

De frou dy't tiisdei yn 'De wereld draait door' siet, fielt har yn it himd set en kwetst. It programma liet sjen hoe't SC Hearrenfeanspiler Bas Dost nei de wedstriid tsjin Vitesse syn shirt joech oan in jonkje, mar de mem pakte it foar him wei. Skandalich waard sein yn DWDD. Mar neffens de frou hie Bas Dost it shirt just oan har soantsje tasein.
Hy is grut fan fan Bas Dost en hat al faker kontakt mei him hân op de trainingen. Bas Dost hat yntusken in oar shirt sinjeard, en dat is nei DWDD stjoerd om oan de oare jonge te jaan.

SC Hearrenfean fynt it in ferfelende saak, de frou is in grutte fan fan de klup. De fuotbalklup soarget derfoar dat de spits it ferhaal fan de frou te hearren krijt.

Trefwurden: 
Bas Dost DWDD shirt
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)