SWF wol wynmûnen by Ofslútdyk

Súdwest Fryslân wol dat alle wynmûnen yn de gemeente ferhúzje nei twa lokaasjes by de Ofslútdyk. Dit betsjut dat mear as 90 wynmûnen dy't no noch by boeren of op oare plakken steane ôfbrutsen wurde moatte. Doel is om binnen 15 jier alle wynmûnen op de Ofslútdyk te krijen. Boeren dy't de wynmûne op it hiem hâlde wolle, kinne net ferplichte wurde om de wynmûne te ferpleatsen. De gemeente seit dat de opbringst fan de wynmûnen heger is by de Ofslútdyk en in wymûnepark is minder steurend yn it lânskip as oeral losse mûnen.