Tal komasûpers nimt ta

25 apr 2012 - 11:58

It tal jonge komasûpers is op 'e nij tanommen yn 2011. De jongste wie 12 jier. De kampanjes dogge gjin fertuten. It begelieden fan âlden en jonge komasûpers helpt wol. Yn 2011 binne mear as tritich jongeren fan sa'n 15 jier mei in alkoholfergiftiging opnommen yn Fryske sikehûzen en de bern wurde hieltyd jonger. Bernedokter Tjalling de Vries fan it MCL trúnt der noch hurder by de polityk op oan om de leeftiid om drank keapje en brûke te meien nei 18 jier moat. Fryslân docht it net better as de oare provinsjes.

Trefwurden: 
komasûpers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)