Wer nei stoomliedings REC sjen
It Wetterskip Fryslân moat dochs nei it beswier sjen dat de Stichting Afvaloven Nee hat tsjin de stoomliedings fan de ôffaloven nei it sâltfabryk Frisia yn Harns. Dat hat de Ried fan Steat woansdei sein. It Wetterskip wegere earder nei it beswier te sjen, om't it fûn dat de stifting net yn 'e posysje wie om beswier te hawwen. It beswier waard yntsjinne tsjin de fergunning dy't troch Omrin oanfrege is foar it oanlizzen fan de stoomlieding. De lieding mei foarearst wol lizzen bliuwe.