Wurkstraf foar ûntucht mei 9-jierrich famke

28 apr 2016 - 16:16

In 37-jierrige man út Ljouwert hat in wurkstraf fan 120 oeren krigen foar ûntucht mei in famke fan 9 jier. De helte fan de straf is ûnder betingst. It famke wie in freondintsje fan syn dochter. De man hie har kitele en oanrekke op plakken dêr't dat net mocht.

De Ljouwerter wie earder as fysioterapeut ek al ris op de fingers tikke troch it tuchtkolleezje yn Grins. Doe hie er in 15-jierrich famke Facebookberjochten stjoerd dy't net troch de bûgel koene. Fierders hie er dat famke op ûngebrûklike plakken massearre.

De oanklager hie foar dat lêste ek in selstraf ûnder betingst easke, mar dêr gie de rjochter net yn mei.

Trefwurden: 
ûntucht famke
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)