Frou twongen ta prositúsje, twa Ljouwerters oppakt

© ANP
In arrestaasjeteam fan de plysje hat freed yn Harns twa manlju út Ljouwert oanhâlden op fertinking fan twongen prostitúsje, minskehannel en fjoerwapenbesit. De plysje hie sinjalen krigen dat de twa in 25-jierrige frou twongen hiene ta prostitúsje achter it rút, yn de escort en by har thús. Omdat de frou bedrige waard, hat de plysje yngrepen en de twa fertochten oppakt.
By de arrestaasje waard ek in wapen en munysje fûn. Op in oare lokaasje is in twadde fjoerwapen fûn. De plysje ûndersiket oft der noch mear slachtoffers binne.