"Meitsje fan it folsleine Waad in Dark Sky Park"

Waadsee © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
It folsleine Waadgebiet wurdt yn 2018 mooglik in Dark Sky Park. Yn sa'n park is it echt tsjuster, der is gjin fersteuring fan keunstmjittich ljocht. It 'Programma naar een Rijke Waddenzee' sil mei de Stichting Feel the Night ûndersykje oft it helber is om fan it hiele Waadgebiet in Dark Sky Park te meitsjen.
Op it stuit binne der ferskate inisjativen yn it Waadgebiet foar lytsere ferzjes fan sa'n gebiet. Sa is de Boschplaat in Dark Sky Park en wurdt sjoen oft de Lauwersmar en Skiermûntseach dat wurde kinne.
Gearwurking
Guon belutsenen fine it spitich dat der net mear gearwurke wurdt. Ek fine se dat der noch tefolle ljocht is. It 'Programma naar een Rijke Waddenzee' moat soargje foar mear gearhing tusken de ferskate inisjativen en útfine oft it mooglik is om fan it folsleine Waadgebiet ien Dark Sky Park te meitsjen. Nei de simmer wol it Programma mei de Waadgemeenten, de trije Waadprovinsjes en it Ryk dêrfoar in oerienkomst ûndertekenje.