CU wol dúdlikheid oer suvelfabryk Moarre-Ljussens

It gemeentehûs fan Dongeradiel yn Dokkum © Omrop Fryslân
De ChristenUnie yn de gemeente Dongeradiel wol fan boargemaster en wethâlders witte wat se fan doel binne mei it fertutearze suvelfabryk yn Moarre-Ljussens. Der binne al earder fragen oer steld, it kolleezje fûn doe dat plannen mei it fabryk gjin hege prioriteit hawwe.
De ChristenUnie wiist derop, dat it gebou heart by it kultureel erfguod. De partij wol no fan b. en w. witte oft dy ree binne de eigener oan te skriuwen en mei pleatslik belang fan Moarre-Ljussens te praten om út te finen wat de plannen mei it fabryksterrein binne.