Man út Ljouwerter grêft helle
Op de Nijstêd yn Ljouwert is in man yn it wetter rekke. Hy is sels de grêft yn sprongen en kaam fêst te sitten yn in ôfwetteringsbuis. De brânwacht is útrukt en hat de man út it wetter helle.
Hy is oerdroegen oan de plysje. It is net bekend wêrom't de man it wetter yn sprongen is.