Keningsdei yn Ljouwert ferrint rêstich

It wie dit jier minder drok op Keningsdei as ferline jier, sa lit Jan Wijma fan Hânhavening en Tafersjoch Ljouwert witte. Foaral moarns op 'e frijmerk yn Ljouwert wie it rêstich. Der wienen noch in soad lege plakken. It hat alles te krijen mei it kâlde waar. Doe't de sinne der middeis by kaam, waard it dochs noch aardich drok yn 'e stêd. De pyk wie tusken twa en fiif oere. Oerdei is alles rêstich en sûnder problemen ferrûn.
Estafette
Oan de ein fan de middei stie kringloopwinkel Estafette fan Omrin mei in oantal frachtweinen op ferskate plakken yn 'e stêd. Minsken koene hjir harren net ferkochte guod kwyt. Dêrneist stie in kontener foar it guod dat Estafette net yn har winkel ferkeapje wol. Estafette docht dit no foar de twadde jier efter inoar. Fierder soarge Omrin der woansdeitejûn mei in grutte skjinmakploech foar dat de hiele stêd wer opromme is.
Oare útgong
It muzykevenemint Kingsday Outdour op it Aldehoustertsjerkhôf hat op Keningsdei eksperimintearre mei in oare yngong. Foarich jier wie de yngong by de Lytse Tsjerkstrjitte, dit jier by de Griene Wei, efter de Aldehou. By de Lytse Tsjerkstrjitte ûntstienen foarich jier opstoppingen, om't it in smelle strjitte is. As it in sukses is, dan soe dizze útgong ek by oare eveneminten op it Aldehoustertsjerkhôf brûkt wurde kinne.