Thússoarchorganisaasje begjint proef mei au pairs

27 apr 2016 - 17:16

Thússoarchorganisaasje Hof en Hiem yn Sint-Nyk kin oan de slach mei in proef wêrby't studinten as au pair oan de slach gean by âlderein. De AS Talmastifting hat 45.000 euro beskikber steld foar de proef. Hof en Hiem kin mei it jild in organisaasje opsette om de âlderein en studinten mei-inoar te ferbinen. Hof en Hiem wurket foar de proef gear mei NHL hegeskoalle yn Ljouwert.

Neffens manager Thuiszorg Harrie Dijkstra fan Hof en Hiem moat de organisaasje foar de simmer op poaten stean, wêrnei't de earste studinten nei de simmerfakânsje oan de slach kinne. Der is neffens Dijkstra lanlik belangstelling foar de proef.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)