Fryslân fiert Keningsdei 2016
Keningsdei yn Fryslân ferrint foar it grutste part drûch. De waarfoarsizzings wienen hiel min. Rein, tonger, hagel en kjeld. Dêrom binne foar aktiviteiten yn de provinsje binnendoar oplossingen socht. Mar ek in soad minsken weagen harren bûten, en dat wie tusken in pear buikes troch prima te dwaan.