''Ferheegjen wetterpeil Lauwersmargebiet is net gefaarlik''

27 apr 2016 - 16:23

It ferheegjen fan it wetterpeil yn it Lauwersmargebiet smyt gjin gefaarlike situaasjes foar de omjouwing op. Dat seit Jan Bos, lid fan it deistich bestjoer fan wetterskip Noorderzijlvest. It wetterskip is mei de provinsje Grinslân ferantwurdlik foar it wetterbehear yn it gebiet. Benammen boeren en rekreaasjeûndernimmers hawwe bot soargen oer de proef om it wetterpeil seis wiken lang mei 40 sintimeter te ferheegjen. Boeren binne benaud foar it sâlter wurden fan harren lân, wylst de ûndernimmers benaud binne ûnder te strûpen.

Bestjoerder Bos fan wetterskip Noorderzijlvest seit dat de kâns op skea lyts is. Yn de maitiid is de kâns op wetteroerlêst en stoarm it minst grut en troch goeie waarberjochten kin it wetterskip fiif dagen foarút sjen. Yn gefal fan need kinne der ek ekstra pompen by boeren op it lân setten wurde, seit Bos. Hy wol graach opnij mei bewenners fan it Fryske part fan it Lauwersmargebiet om tafel om de soargen fuort te nimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)