Achttjin kilo kokaïne fia Drachtster airstrip smokkele

It fleanfjild yn Drachten © Omrop Fryslân
Yn it fleantúch dat ein maart fia de airstrip yn Drachten drugs smokkele nei Sweden, siet 18 kilo kokaïne mei in strjitwearde fan 1,5 miljoen euro. Dat skriuwt de Sweedske krante Sydsvenskan. De plysje yn Sweden wachte it fleantúch op doe't it nei in flecht fia Airport Eelde en de Drachtster airstrip op de luchthaven fan Landskrona oankaam.
De twa ynsittenden en in tredde fertochte waarden oanhâlden. De trije Sweden sitte noch hieltiid fêst. Nei alle gedachten binne de drugs yn Drachten oan board fan it fleantúch brocht.