Underwiis op It Amelân bliid mei ûndersyk nei dysleksy

27 apr 2016 - 13:50

It ûnderwiis op It Amelân is wiis mei it ûndersyk dat dien wurdt nei dysleksy op it eilân. Op it eilân komt folle mear dysleksy foar by skoalgeande bern as op oare plakken yn Nederlân. Sa'n 16 prosint fan de skoalgeande bern soe problemen hawwe mei lêzen en skriuwen.

De polityk wol ekstra soarch foar dizze bern. Dit soe dan betelle wurde moatte troch de gemeente. It is net krekt dúdlik wêrtroch it tal dysleksygefallen op It Amelân safolle heger leit as op oare plakken. Op in fergelykber eilân as Skylge is dit bygelyks net it gefal.

Mooglik hawwe genen der wat mei te krijen. De skoalle hopet dat it ûndersyk fan de Ryksuniversiteit Grins de polityk bewege sil om mear te ynvestearjen yn de begelieding fan learlingen mei dysleksy.

Trefwurden: 
dysleksy ûndersyk It Amelân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)