Sietse Derks stapt op as riedslid fan Eaststellingwerf

27 apr 2016 - 09:39

De eardere VVD-wethâlder yn Eaststellingwerf Sietse Derks is no ek opstapt as riedslid. Neffens de Ljouwerter Krante is dêrmei in krisis yn de koälysje fan CDA, Ooststellingwerfs Belang en de VVD mar krekt foarkaam.

Oanlieding is in affêre fan Derks mei in amtner. Doe't dy oan it ljocht kaam, stapte Derks op as wethâlder, mar hy woe wol trochgean as riedslid. CDA en OB drigen dernei it fertrouwen yn de VVD op te sizzen. Nei in lange dei gearkommen is Derks tiisdei opstapt as riedslid.

Hy ferwyt de oare fraksjes dat se op syk wiene nei in stôk om de hûn mei te slaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)