Fuotbalklup Harkema-Opeinde spilet mooglik tenei op sneons

27 apr 2016 - 06:57

Fuotbalklup Harkema-Opeinde sil mooglik tenei op sneons spyljen. Ut in ûndersyk fan de klup en de Commissie Voetbalzaken docht bliken dat it spyljen op sneons better is foar de takomst fan de klup. It earste alvetal spilet no noch yn de fjirde klasse B op snein.

Op 13 maaie is der in bysûndere ledegearkomste dêr't de útkomsten fan it ûndersyk besprutsen wurde. De klup komt al sûnt de oprjochting yn 1946 út yn it sneinsamateurfuotbal.

Trefwurden: 
fuotbal Harkema-Opeinde sneon
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)