Wolvegea wol mei WhatsApp ynbrekkers keare

26 apr 2016 - 21:49

Yn Weststellingwerf wurdt mei sukses WhatsApp ynsetten om kriminaliteit tsjin te gean. Yn mar leafst 45 doarpen en wiken fan de gemeente binne no groepen bewenners aktyf dy't mei help fan de beruchte-app de buert yn de gaten hâlde. As der fertochte situaasjes sjoen wurde, wurdt dat gelyk troch jûn oan de plysje of de gemeente.

Alle doarpen en wiken dy't aktyf binne mei sa'n app-groep krije in buordsje om as warskôging op te hingjen. Dermei hoopje se minsken mei ferkearde plannen fuort te jeien. Tiisdei waard it earste ophongen.

Trefwurden: 
Wolvegea WhatsApp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)