Harns sprekt hurde wurden tsjin Omrin oer stofwolk

It is ûnakseptabel en net te begripen dat Omrin de gemeente net fuortendaliks op de hichte steld hat fan de stofwolk dy't frijkaam by it weropstarten fan de ôffaloven. Dat skriuwe boargemaster en wethâlders fan de gemeente Harns tiisdei yn in brief oan Omrin.
It is boppedat tige pynlik dat de apparatuer foar de trochrinnende dioksinemjitting net opstarten is, stiet yn de brief. Yn de takomst moat dat beslist foarkaam wurde. De gemeente seit dat Omrin in promininte rol hat yn it sinjalearjen fan steuringen yn de apparatuer.
It Dútske bedriuw dat ferantwurdlik is foar de dioksinemjitting hat de apparatuer tiisdei wer oanset. Der wurdt dus wer metten.