Regiopoly Drachten wol soarchoanbod útwreidzje

26 apr 2016 - 18:56
  • Húsdokter Wim Brunninkhuis oer de foardielen fan de regiopoly
  • Kardiolooch Marcel van der Linde fertelt wa't no net mear nei it sikehûs hoegt

It soarchoanbod op de saneamde regiopoly yn Drachten wurdt mooglik útwreide. Op de regiopoly wurkje húsdokters gear mei spesjalisten fan it sikehûs. Op dy wize moat foarkaam wurde dat minsken foar lytse dingen nei it sikehûs moatte.

Op dit stuit wurdt der ûnder oare gearwurke mei kardiologen, mar der binne plannen om it tal spesjalismen flink út te wreidzjen. En dat is opmerklik, om't de regiopoly noch mar fjouwer moannen iepen is. De gearwurking foldocht lykwols sa goed dat der no al ferlet is fan groei.

Trefwurden: 
regiopoly Drachten sikehûs
(advertinsje)