It regear moat in oplossing fine foar de rêdingsbrigade

26 apr 2016 - 18:51

De Twadde Keamer hat unanym stimd foar in moasje foar it behâld fan de rêdingsbrigade. De moasje fan de VVD en SP freget it regear om foar ein maaie in oplossing te finen foar de finansjele situaasje fan de nasjonale rêdingsfloat en de rêdingsbrigade.

Der is finansiering nedich om de 90 boaten en goed 1.000 spesjaal oplate frijwilligers operasjoneel te hâlden. Neffens de Twadde Keamer hat de float fan de rêdingsbrigade in krúsjale rol by wetterrampen en krisismanagement, en is der net in oare organisaasje dy't dizze rol oernimme kin.

Trefwurden: 
rêdingsbrigade
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)