FIDEO: Rein kin Keningsdei bedjerre

Al sûnt tiisdeitemoarn alve oere stiet Richard van der Pols klear foar de Ljouwerter frijmerk. It bêste plakje hat er opeaske, op de Nijstêd. Hy is de iennichste ferkeaper dy't der sa betiid by is. It spielt yn 'e stêd. En as it op Keningsdei ek sa is, wurdt der net folle ferkocht.
Waarman Piet Paulusma ferwachtet benammen yn de moarntiid in soad buien. Middeis binne der ek drûge perioaden, en mooglik dat we de sinne ek noch sjen sille.