Fjouwer kear safolle dysleksy op It Amelân as gemiddeld

26 apr 2016 - 17:47

Op It Amelân komt folle mear dysleksy foar by skoalgeande jongerein, as op oare plakken yn Fryslân. Dat docht bliken út ûndersyk. Op it eilân soe ien op de seis bern dysleksy hawwe, wylst lanlik ien op de 25 dysleksy hat.

De PvdA, CDA en Algemeen Belang Ameland wolle ekstra soarch foar dizze bern. De gemeente soe dizze soarch betelje moatte, sa fine de partijen.

De Ryksuniversiteit Grins docht op it stuit ûndersyk nei de oarsaak fan it hege tal bern mei dysleksy op It Amelân. De resultaten fan it ûndersyk wurde yn septimber ferwachte.

Trefwurden: 
dysleksy It Amelân RUG
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)