Man op jierren (73) stelt krante yn Ljouwert

26 apr 2016 - 16:33

In 73-jierrige Ljouwerter is tiisdeimoarn betrape by de stellerij fan in krante. De fertochte is yn in winkel oan de Oostersingel yn Ljouwert oanhâlden troch de plysje. Hy mei de winkel net mear yn. De 73-jierrige krige fierder in proeftiid fan ien jier, yn dy tiid mei er net wer in oertrêding begean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)