Swimmers fiere aksje tsjin sluting De Frosk

Swimbad De Frosk © Omrop Fryslân
By swimbad De Frosk op De Westereen wurdt tongersdei aksjefierd foar behâld fan it swimbad. In groep brûkers fan it swimbad is it der net mei iens dat it swimbad 8 maaie slút en komt yn aksje.
De aksjefierders sille de gemeenteried tongersdei in petysje oanbiede en in pakket hantekeningen. Neffens harren hat de gemeente Dantumadiel yn 2012 tasein dat it swimbad oant 2022 iepenbliuwe soe. De aksjefierders roppe elkenien op nei de gearkomste by it swimbad te kommen en spandoeken mei te nimmen.