Sisa berne-opfang fallyt, oernamekandidaat stiet klear

26 apr 2016 - 14:50

Berne-opfangorganisaasje Sisa is fallyt. Yn in brief oan de âlden skriuwt de direkteur dat Sisa finansjeel swiere jierren achter de rêch hat. Nettsjinsteande reorganisaasjes en ynterne maatregels is it net slagge om de holle boppe wetter te hâlden.

Yntusken is fia stille bewâldfiering socht nei in oernamekandidaat. Dat is Kids First COP Groep wurden. Dy organisaasje hat lokaasjes foar berne-opfang yn Grinslân en sit ek yn Ljouwert. Kids First nimt mei yngong fan juny de measte lokaasjes en it grutste part fan it personiel oer. 

Tsientallen lokaasjes

Sisa berne-opfang hat mear as santich lokaasjes foar bûtenskoalske opfang, pjutte-opfang, en bernedeiferbliuwen, ferspraat oer alve Fryske gemeenten, en ek in gastâlderburo. Der wurkje al mei al 390 minsken, fan wa't 140 frijwilliger of stazjêr binne. Frijwilligers en stazjêrs kinne gewoan oan it wurk bliuwe.

Kurator

De tsjinsten wurde fan hjoed ôf trochset ûnder de hoede fan de kurator. De bern wurde opfong sa as se dat wend binne. Deselde meiwurkers soargje foar de opfang. Yn de rin fan maaie moat bekend wurde foar hokker lokaasjes in trochstart mooglik is.

De Kids First groep besiket safolle mooglik fêstigings en meiwurkers fan Sisa binnenboard te hâlden. Dat siet Aly van Dalen fan de Kids First Groep. Se hat alle betrouwen yn de takomst fan de berneopfang.

Trefwurden: 
Sisa berne-opfang fallyt
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)