Streekbus botst op auto's op N359 by Himmelum

© 112Fryslan
Op de N359 by Himmelum is tiisdeitemiddei in streekbus fan Arriva achterop in rige stilsteande auto's botst. By it ûngelok wiene trije auto's belutsen. Ien fan de ynsittenden fan de auto's is mei nekklachten nei it sikehûs brocht. Yn de bus sieten twa passazjiers. Neffens Arriva binne der gjin minsken ferwûne rekke. De dyk hat in skoft ôfsletten west.