Bruorren Van Brakel krije beide in lintsje

26 apr 2016 - 12:31

De bruorren Govert en Peter van Brakel binne tiisdeitemoarn op it gemeentehûs fan Smellingerlân beide ridderre. Govert van Brakel, bekend fan ûnder oare de radioprogramma's 'Langs de Lijn' en 'Met het Oog op morgen', wennet hjir net, mar op fersyk fan de famylje waard er hjirhinne helle foar it útrikken fan it lintsje.

Peter van Brakel wie earder korpssjef fan de plysje Fryslân: "Ik heb al die dingen altijd met veel plezier gedaan en vond het niet bijzonder, maar gewoon leuk om te doen."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)