92 Friezen krije in ûnderskieding by jierlikse lintsjesrein

De dei foar Keningsdei is tradisjoneel de dei fan de lintsjesrein. Dit jier ha 92 Friezen tiisdei in lintsje krigen. Dat is mear as ferline jier doe't noch 81 minsken in ûnderskieding krigen. De measten binne beneamd ta 'lid yn de Oarder fan Oranje Nassau'. Yn njoggen gefallen gie it om in beneaming ta 'ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau'. De ûntfangers wurde benammen ûnderskieden foar frijwilligerswurk yn tsjerken, pleatslike belangen en sportferienings.
Sifers
Noch wat aardige feitsjes út de folsleine list:
Benijd wa't allegear in lintsje krigen ha by jo yn de buert?
Besjoch it op de kaart (yn gearwurking mei de Ljouwerter Krante). Yn guon plakken binne meardere lintsjes útdield. Zoom yn om se allegear te sjen.