'Dúnsângebiet" yn Bakkefean krijt foarm

26 apr 2016 - 08:05

Yn Bakkefean wurdt al in skoftke drok wurke oan de werynrjochting fan it 'Dúnsângebiet', tusken de sândunen en de sportakkommodaasjes. By en op it plein komme ûnder oare terrassen en in tal útsjochpunten. It besteande parkearterrein wurdt opnij ynrjochte en krijt oplaadplakken foar elektryske fytsen. Doel fan it plan is om mei in 'kreaze entree' mear natoerleafhawwers nei it gebiet te lûken. Dêrom sil it terrein ek brûkt wurde as eveneminteterrein. It plan is mei betocht troch doarpsbelang.

Sy fûnen dat de besteane toeristyske foarsjennings net mear fan dizze tiid wiene. Ofrûne wike is it Toeristische Overstappunt al offisjeel iepene. Fan dit sammelpunt ôf starte ferskate fyts-, ruter-, rolstoel- en kuierrûtes. De wurksumheden oan it Dúnsângebiet kostje hast twa miljoen euro en wurde betelle troch de gemeente Opsterlân en de provinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)