Ljouwerter wurdt troch fjouwer manlju oerfallen

Burgernet © Omrop Fryslân
In 28-jierrige Ljouwerter is moandeitejûn troch fjouwer manlju oerfallen yn syn eigen wenning oan de Vuurdoornstrjitte. De manlju mei bivakmûtsen of in helm op kamen mei geweld syn hûs yn. Se namen ûnder oare in tas en in telefoan mei. De rôvers naaiden dêrnei út yn de rjochting fan de Skieringerwei.
De plysje hat noch nei de oerfallers socht en sette dêrby ek Burgernet yn, mar dat hat neat opsmiten. De plysje freget tsjûgen om har te melden.