Garânsjefûns Oerol krijt hieltyd minder ûndernimmersjild

25 apr 2016 - 21:24

Undernimmers op Skylge betelje hieltyd minder oan it Cultureel Garantiefonds Terschelling (CGT). It fûns hat as doel om derfoar te soargjen dat it Oerolfestival alle jierren trochgiet. Yn 1994 slagge dat net fanwege in tekoart oan jild. Neffens it CGT soe elke úndernimmer op Skylge dy't belang hat by it Oerolfestival in bydrage jaan moatte oan it fûns.

In protte ferhierders fan akkommodaasjes op Skylge drage hielendal neat by, wylst se wol in heechseizoenpriis freegje as Oerol oan de gong is.

De donaasjes foar it Oerolfestival binne de ôfrûne jieren fan 153.000 nei 128.000 euro daald. It doel is om de ynkomsten alle jierren boppe de 150.000 euro te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)