Direkteur wol fia koart pleit syn baan werom krije

25 apr 2016 - 18:33

De skorsing fan direkteur Tjerk Sinnema fan Caparis wie moandei ûnderwerp fan in rjochtsaak yn Ljouwert. Is Sinnena yn maart terjochte of ûnterjochte út syn funksje set. Dat wie de fraach yn it koart pleit tsjin Caparis.

Sinnema waard yn maart oan 'e kant set fanwegen ûnregelmjittichheden. Hy begrypt dêr neat fan en hopet fia de rjochter syn baan werom te krijen. "Ik haw nea sinjalen krige dat it net goed gie", sei Sinnema foar de rjochter. De rjochter docht op 18 maaie útspraak yn de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)