Ofwiisde stazjêr Bas van der Meer tefreden mei útspraak

25 apr 2016 - 17:02

Studint Bas van der Meer is tige tefreden mei de útspraak dy't de rjochter moandei dien hat yn de saak tsjin lânboumeganisaasjebedriuw De Boer út Drachten. It bedriuw moast in boete en skeafergoeding betelje, omdat Van der Meer dêr gjin staazje rinne mocht fanwegen syn homoseksualiteit.

De studint is der wiis mei dat de rjochter fynt dat it om diskriminaasje giet, skriuwt er yn in reaksje op Facebook. Dat de wet boppe it leauwe giet, is foar him hiel wichtich. Hy hopet dat de útspraak oaren dy't diskriminearre wurde ek helpe kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)