Sloop Sylsbrêge yn Jirnsum is begûn

Sa sil de nije brêge derút komme te sjen © jirnsum.com
Yn Jirnsum is de sloop begûn fan de âlde histoaryske Sylsbrêge. Njonken de âlde brêge is in nijenien yn oanbou. Dy is hast klear. Begjin juny kin it skipfeartferkear wer oer de Kromme Grou. It hiele projekt is begjin july klear. Dan kinne wettersporters fan Ljouwert nei Wergea, Grou, Jirnsum, Akkrum en Snits farre sûnder dat se oer it Prinses Margrietkanaal hoege.
De Grousterdyk dy't fan de brêge troch it doarp rint, is ek feiliger makke. Der mei no minder hurd riden wurde en der binne nije stoepen kaam.