FrieslandCampina docht molkpriis nei ûnderen

25 apr 2016 - 14:17

Suvelbedriuw FrieslandCampina hat de priis per kilo molke foar maaie mei 2,5 sint nei ûnderen dien. It bedriuw docht dat omdat de prizen bij fergelykbere bedriuwen yn maaie nei ferwachting ek nei ûnderen gean. Reden is dat der tefolle oanbod fan molke en te min fraach is.

Omdat de prizen earder te heech ynskat binne, giet der nochris tachtich sint fan de priis foar hûndert kilo molke ôf.

Trefwurden: 
molkpriis FrieslandCampina
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)