Túnbedriuw De Boer krijt boete foar diskriminaasje stazjêr

Túnbedriuw De Boer yn Drachten hat moandeitemoarn fan de kantonrjochter yn Ljouwert in boete fan 1600 euro oplein krigen foar diskriminaasje. It bedriuw wegere ferline jier Bas van der Meer as stazjêr om't dy iepenlik homoseksueel is. De boete is diels ûnder betingst, mei in proeftiid fan trije jier.
Van der Meer soe yn novimber ôfrûne jier staazje rinne by de agraryske gruthannel, doe't de direksje him fanwegen syn aard ôfwiisde. It kristlike bedriuw koe it foar him sels net ferantwurdzje om Van der Meer as stazjêr oan te nimmen.
De studint sette dat op Facebook, wêrnei't it bedriuw in soad krityk krige. De kwestje waard lanlik nijs. De Boer woe in skeafergoeding ha fanwegen de negative publisiteit, mar dat wiisde de rjochter ôf. Beide partijen woene net op de útspraak reagearje.