Plysje Noard-Nederlân pakt hurdrider en drankrider

25 apr 2016 - 08:02

In 32-jierrige autobestjoerder út de gemeente Dongeradiel is snein syn rydbewiis kwytrekke, nei't de man mei mear as 150 kilometer oer de Lauwersseewei ried. Op de dyk is 100 kilometer it maksimum.

Dêrneist hat it ferkearsteam Noard-Nederlân yn Broeksterwâld in 67-jierrige drankrider út de gemeente Dantumadiel oanhâlden. De man hie sa folle drank op, dat de plysje syn rydbewiis yn beslach nimme moatten hie. Mar dat gie net, om't it rydbewiis fan de man earder net jildich ferklearre wie foar in oar fergryp.

Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)