Museumwykein lûkt mear besikers as yn 2015

It museumwykein mei as tema 'Ons echt goud' hat sa'n 18.000 besikers nei de Fryske musea lutsen en dat is mear as ferline jier. Yn Fryslân diene sa'n 40 ynstellingen mei oan it museumwykein. It minne waar soarge derfoar dat in soad minsken ôfkamen op de binnendoaraktiviteiten, de bûtenmusea krigen dúdlik minder besikers.
De toppers wiene dit jier it Fries Museum, it Natuermuseum, keramykmuseum Princessehof en it Eise Eisinga Planetarium. Mar ek lytsere musea lykas de Spitkeet op De Harkema en Dekemastrate yn Jelsum wiene hiel tefreden.