Bauke Mollema einiget as 9e yn Luik-Bastenaken-Luik

24 apr 2016 - 20:29

Hurdfytser Bauke Mollema is snein 9e wurden yn de klassiker Luik-Bastenaken-Luik, dy't wûn waard troch Wout Poels. Poels siet krekt foar de finish yn in groepke fan fjouwer en wûn dêrfan de sprint. Mollema kaam dêrachter yn in groep fan 20 oer de einstreek. Neffens Mollema hie der mear ynsitten, hy hie noch wol wat oer yn de sprint. Toch wie de Ljouwerter wol tefreden oer de wedstriid.

Pieter Weening einige yn Luik as 64e op goed fjouwer minuten fan de winner.

"Ik ben blij voor Wouter Poels, sei Mollema by de NOS. ,,Het is lang geleden dat een Nederlander een koers als deze heeft gewonnen. Dit is ook goed voor het Nederlandse wielrennen." Yn de lêste klim oer in strook kasseien yn Ans siet Mollema der noch goed by. Hy skode doe in pear plakken op, mar siet net yn it winnende groepke fan fjouwer, dat even letter fuortreid. "Het was wel een heroïsch dagje."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)