Snits Wyt Swart pakt moai punt yn Amsterdam tsjin AFC

24 apr 2016 - 16:37

Topklasser Snits Wyt Swart Boso Snits hat snein in punt pakt yn Amsterdam. Tsjin AFC bleau it 0-0. De thúsploech hie it measte balbesit en krige ek kânsen. Mar dy kânsen krigen de Snitsers ek. Sa wiene Sean de Ruiter en Age Hains Boersma foar Snits tichtby in goal. Yn de twadde helte besocht AFC fan alles, mar de ploech fan trainer Berry Zandink woe gjin belies jaan. Foar de Snitsers in moai bonuspunt yn de striid om de degradaasje te ûnrinnen.

Snits biuwt lêste mei 18 punten út 25 wedstriden. OJC Rosmalen is foarlêste mei trije punten mear.

It programma fan Snits Wyt Swart. Op 1 maaie de útwedstriid tsjin TEC, in wike letter de striid tsjin OJC Rosmalen yn Snits en de lêste wedstriid is yn Groesbeek tsjin De Treffers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)